Ik bin in flinter

 

klik op ûndersteande link 

 

 

 

Ik bin in flinter, in flie fladder flinter

ik swaai mei myn linten fan tip tapper top

ik fladderje leech en ik fladderje heech

no lit ik se falle…………..tip tap top

en dan pak ik se op

 

In bewegingsspulsje  foar pjutten van 2 oant 4 jier. Hiel geskikt foar in pjutteboartersplak of in bêrnedeiferbliuw.

 Materiaal:

Linten fan stof of fan crêpepapier. Linten fan stof binne duorsammer, se bliuwe langer hiel en se jouwe net ôf. Befestigje de linten fan plm. 50 cm. oan in stokje. Dit lukt wol mei goeie lym. Foar de bêrn binne de linten oan in stokje better te hantearjen, mar se kinne ek wol gewoan los yn de hân joun wurde. De linten kinne foar de jongste bêrn, dy’t noch net stevich op’e fuotten stean, ek befestige wurde oan in ring. In gerdynenring is hiel geskikt. Gewoan oan fêst knoopje. Tink d’r wol om dat se de ring yn de hân hawwe, oars om is net goed. (Dan kriget in oar bêrn de ring tsjin de holle.)

Soargje d’r wol foar dat de linten de groun net reitsje. Ferjit net de bêrn regelmatig twa linten te jaan y.f.m. de twasidiche ûntwikkeling. Ien foar elke hân.

 In sjaaltsje of gewoan in doekje kin ek. Ferfang dan it wurd linten troch sjaaltsje of doekje.

Spulbeskriuwing:

Diel de linten út en lit de bêrn hjirmei eksperimentearje.

Sjong de earste 2 rigels: ”Ik bin in flinter in flie fladder flinter,

                                     ik swaai mei myn linten fan tip tapper top”

in pear kear efter elkoar. Doch ferskate bewegingen foar sa as: swaaie, rountsjes meitsje, de hânnen om elkoar hinne draaie, een acht swaaie, fladderje ens.

 Sjong dêrnei  it hiele ferske.

By: “No lit ik se falle”, litte alle bêrn de linten op’e groun falle en bliuw in skofke stil stean.  De wurden “tip tap top” wurde útsprutsen en by “en ik pak se wer op” begjint it spultsje wer opnei.

 By “en ik hâld d’r mei op”  litte alle bêrn de linten en harren sels op de groun falle. Dêrnei kin it spultsje wer opnei dien wurde.

 At de bêrn dit in pear kear dien hawwe dan kinne se it wol op de bygeande muzyk dwaan.

Wêr tekst stiet kin meisongen wurde. Op de musikale tussenstukjes kinne de bêrndûnsje en swaaie mei de linten.

 Linten oprûmje:

De lêste kear wurdt yn stee fan “No lit ik se fall en ik hâld d’r mei op” no songen: “Ik lit se net falle mar ik rûmje se op”.

Gean by de bêrn del mei in bakje of trommel. De bêrn doche de linten dêr yn.

Aktiviteitendoel:

Motorisch:             grutte en lytse motoryk

Intellectueel:        ontwikkeling fan concentratie. Structuur

Emotioneel:          omgean mei de spanning fan it reaktiemomint

Muzikaal:               reagere op de tsjinstelling muzyk – gjin muzyk

Sociaal:                   rekkening hâlde mei elkoar. Mei elkoar boartsje.

Opmerking:

Hâld de bêrn goed yn de gaten dat se net te wyld dogge. Falle mei stokjes yn de hântsjes kin gefaarlik wêze.

Plaats een reactie